Slachtemaraton

Skreaun troch Gerrut op .

Op 16 juny 2012 doch ik wer mei oan de Slachtemaraton. In july 2000 waard foar it earst in mei kultuer omrĂąne maraton oer de Ăąlde Slachtedyk holden: de Slachtemaraton. Fanwege it sĂșkses fan de Slachtemaraton yn 2000 waard besletten om de Stifting Slachtemaraton op te rjochtsjen, mei as doel om alle fjouwer jierren in Slachtemaraton te organisearjen, wĂȘr’t de dielnimmers Ă»nderweis ferrast wurde kinne mei byldzjende keunst, dĂ»ns, teater en muzyk.

2008 wie it jier fan myn earste Slachtemaraton. Mei in tiid fan 4:27:58 foel my dat bot Ăłf. Dit jier moat it better. Myn streeftiid meitsje ik net bekend want it is my dĂșdlik wurden dat myn broer Ridzert (dy yn 2000 in tiid fan 4:21:41 hie) ek meidocht. Mar dit mocht ik net witte. Wol hy my der Ășt rinne?

Dit jier docht Carola ek mei. Mar sy sil it mei in pear freondinnen kuierjend dwaan.

....acher

Skreaun troch Gerrut op .

Yn DĂștslĂąn binne in soart bieren te finen. Hast eltse streek, stĂȘd of doarp hat in eigen brouwerij. It skynt dat der yn DĂștslĂąn wol sa’n 850 brouwerijen binne. Do kinst dyn plezier dus wol op yn DĂștslĂąn.

Gildemacher komt fan Geldmacher en betsjut soks as “immen dy’t jild makket”. Ik frege my lest ĂŽf hoefolle DĂștske bieren der binne wĂȘrby de namme eindiget op acher. Twa biersoarten kin ik en dy ha ik op it stuit ek yn hĂ»s. Dat binne Krombacher en KĂŒlmbacher. Derneist kaam ik dizze brouwerijen tsjin: Alpirsbacher, Schumacher, Ustersbacher, Konigsbacher, Erbacher.

Foar bier moast nei DĂștslĂąn

Skreaun troch Gerrut op .

In stik of wat kearen it jier reizgje ik ĂŽf nei DĂștslĂąn om bier te heljen. Meastentiids gean ik nei Leer, mar ek Emmerich, Nordhorn en sels Metzingen (by Stuttgart) doch ik oan.

"Werom no krekt nei DĂștslĂąn? Warsteiner hast toch ek gewoan yn de supermerke?". Bier drink ik net as wetter mar genietsje der op syn tiid fan, faaks mar ien of twa “fleskes” de wike. Der is yn DĂștslĂąn in ferskaat oan bier en die merken binne net altyd in FryslĂąn te krijen. En soe ik sleatwetter drinke wolle dan dronk ik dat smoarge Dommelsch, Amstel en Heineken bier wol.

In oantal pilskes ha ik altyd kùld stean: Paulaner Weizen, Sanwald Weizen, Löwenbrau Pilsener, König Pilsner en Krombacher Pilsener.